Oersette yn it Frysk – Abe de Vries
In gedicht oersette: útdaagjender taalwurk is der hast net. Hoe lit in fers, skreaun yn de iene taal, him yn in oare taal skriuwe? Yn in twatalige omjouwing, sa’t dy yn Fryslân bestiet, wurdt in protte poëzij oerset. Gauris moat de oersetter wat fan de oarspronklike tekst ynleverje. Mar as it goed is, wit er dat ferlies wer goed te meitsjen mei syn eigen kreative fynsten. Oersette wurdt sa in noflik gefjocht tusken tekst en minske.
Yn de workshop ‘Oersette yn it Frysk’ komme in tal aspekten fan it oersetten – en fan it oersetten nei it Frysk ta – oan ’e oarder. Abe de Vries hat foar belangstellenden twa teksten út ’e Nederlânske literatuer útsocht om dy oer te setten yn it Frysk: it fers ‘De aardappelsorteermachine’ fan H.H. ter Balkt en it fers ‘Het huwelijk’ fan Willem Elsschot. It iene frij fan einrym, it oare strofysk en mei in rymskema.
Dielnimmers oan de workshop wurdt frege om har oersetting uterlik 1 septimber op te stjoeren nei teake[punt]oppewal[apesturtsje]tresoar[punt]nl . Oer de post kin ek: Stjoer de teksten op nei Tresoar, Oersetting Skriuwdei, Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert.
Abe de Vries wurke yn de sjoernalistyk foardat er yn 2007 útjouwer waard by de Friese Pers Boekerij bv. De Vries wie yn 2002 de Fryske literatuer yndindere mei sy nferrassend debút De weromkommer yn it ûnlân. Foar syn twadde, In waarm wek altyd (2004), krige er yn 2005 de Gysbert Japicxpriis. Yn 2006 folge de tredde bondel Under fearne goaden. De Vries sette yn de mande mei oaren Slauerhoff oer yn it Frysk. Yn 2008 ferskynde syn grutte twatalige blomlêzing Het goud op de weg, op te fetsjen as in persoanlik kleure kar fan de Fryske poëzij nei 1880, mei it aksint op it plattelânskarakter fan de Fryske poëzij.
Werom
Lêste update: