Provinciale Schrijfdag
14e Provinsjale Skriuwdei
Snein 13 maart 2005


Provinsjale Skriuwdei 2004 sukses

Op snein 14 maart 2004 wie yn Tresoar de hiele dei de 12de edysje fan de Provinsjale Skriuwdei. De meidoggers hiene yntekene op ien of twa fan acht workshops op it mêd fan kreatyf skriuwen dy’t moarns en middeis jûn waarden. Yn totaal wiene der sa’n 60 minsken dy’t 90 kear yntekene hiene. Absolute topper wie de workshop fan Marijke Hilhorst oer it ûnderwerp 'Famyljeferhalen skriuwe', dêr’t sels in wachtlist foar wie.
De dielnimmers wiene oer it generaal tige entûsjast oer de dei, dy’t mar ien minpuntsje hie: De ferwaarming fan Tresoar wurke net optimaal en yn ien leslokaal moasten guon minsken mei de jas oan sitte.
Gelokkich wie it yn de Gehoarseal wol smûk. Dêr waard oan de ein fan de dei in Literêr Poadium hâlden mei optredens fan Kees Koopmans dy’t in Stellingwerver bydrage joech en Gerben Gerbrandy mei lichtfuottige leitteksten. Haadmiel wie it fraachpetear fan Jitske Kingma mei romanskriuwer Willem Schoorstra fan it okkerdeis ferskynde Swarte ingels. Schoorstra (1959) fertelde hoe’t er sa’n fiif jier lyn troch de lêsaktiviteiten fan syn suster ynteresse begûn te krijen foar literatuer. Hy hie al gau sukses en wûn in Rely mei it koarte ferhaal 'Trettjin dagen'. Skriuwe is foar Schoorstra in ding dêr’t er net omhinne kin. It is in driuw fan binnen út en hy wurdt ûnrêstich as er net skriuwe kin. Soks kinne je net leare. Mar as je skriuwer wêze wolle kinne je wol dingen ôfleare. Slypje oan je wurk is yn feite ek dingen ôfleare. Syn advys foar oankommende skriuwers: Gean der foar sitten. It kostet bloed en swit – je moatte der wat foar oer ha om skriuwer wêze te wollen.