Skriuwdei 2008 en presintaasje brieveroman Yn ’e wyn
Op snein 7 septimber 2008 is foar de 15de kear de Provinsjale Skriuwdei hâlden, dizze kear yn de Heerenveense School. Yn totaal wiene der sân workshops en in lêzing, mei alles byelkoar 53 dielnames. De absolute topper wie de workshop ‘Columns schrijven’ fan Jantien de Boer, bekend fan har pittige en persoanlike kollums yn de Ljouwerter Krante. De belangstelling foar har workshop wie sa grut, dat de organisaasje besletten hie de workshop sawol de moarns as de middeis te programmearjen. Ek de workshops ‘Autobiografisch schrijven’ fan Marianne Dagelet en ‘De Heldenreis’ fan Hella Kuipers loeken goed publyk.
Om nijere groepen te ynteressearjen wie der ek in workshop ‘rappe’ pland, troch Remon de Jong. Dêr kaam gjinien op ôf. It liket der op dat de formule fan de Skriuwdei net gaadlik is om in jonger publyk fan oankommende skriuwers en optreders te lûken.
Literêr poadium
De Skriuwdei waard besletten mei in literêr poadium. Nei in optreden fan in oantal meidoggers fan de skriuwdei hie Teake Oppewal fan Tresoar in fraachpetear mei Elske Schotanus en mei Jitske Kingma oer it ûnderwerp ‘Fan idee nei boek’. Schotanus is koördinator fan it skriuwersgbegeliedingsprojekt Skriuw! Sy fertelde dat der op it stuit acht skriuwers in oanfrage rinnen ha foar begelieding. Op in fraach út de seal oft it projekt ek iepenstiet foar skriuwers yn de streektalen yn Fryslân antwurde se dat dat noch troch it bestjoer besjoen wurde moat.
Jitske Kingma hat sûnt 1 septimber 2007 har eigen printing on demand útjouwerij yn Ljouwert, Elikser. Se hat op dit stuit 55 skriuwers yn har fûns en yn Boekenijs fan septimber 2008 steane al tsien titels. Oppewal woe witte oft Kingma har skriuwers ‘likefolle promoasje leverje kin as echte útjouwerijen’ – dat ‘echte’ yn plak fan it bedoelde ‘tradisjonele’ wie in nuvere fersprekking, mar Kingma koe der wol om laitsje. ‘Ik bin it wol wend dat oaren ús sa sjogge. En wat dy promoasje oangiet, ik haw in protte kontakten, ek bûten Fryslân, ek by de boekhannels, en ik meitsje op it ynternet in protte reklame foar myn auteurs troch allegear links’. Op in fraach út de seal oft Elikser ek muzykboeken útjout wie it antwurd ‘Noch net! Mar ik stean foar alles iepen’.
Presintaasje Yn ’e wyn
Oan de ein fan it literêr poadium wie de presintaasje fan de roman Yn ’e wyn, útjûn by de Friese Pers boekerij. Dat boek is skreaun troch seis auteurs, mei elkoar in kursusgroep by Akky van der Veer en Hylke Tromp yn Tresoar. De groep waard yn Tresoar koartwei ‘P-groep’ neamd, nei inisjatyfnimmer Gertrud Palstra, dy’t de kursusgroep fan 2006/2007 bylkoar trommele foar in ferfolch yn 2007/2008. Hylke Tromp kaam mei it idee om te wurkjen oan ien projekt, in roman yn de foarm fan in brieveboek. Op de kursus waard it plot fan it boek betocht en elke kursist soe yn de roman ien of mear fan de personaazjes foar syn rekken nimme. Piter Renia die ferslach fan it ‘skriuwproses’. ‘Wy smite ús deryn. Wrotte en wrame. Mei tekst, mei emoasjes. Skriuwe fierstentefolle. Mar oan de ein binne dêr Hylke en Akky, dy’t soargje dat alles kloppet en rint.’ Yn jannewaris fan 2008 ferstoar Hobbe Akkerman, ien fan de groepsleden, mar krekt hy hie der tige op oanstien om troch te gean. Dêrom: ‘Dit boek is ek foar Hobbe’. It earste eksimplaar wie foar Teake Oppewal, dy’t as man op de achtergrûn in protte saken regele hie foar it projekt.
It feestje fan it ferskinen fan Yn ’e wyn waard nei ôfrin fan de Skriuwdei troch de skriuwers, begelieders en har oanhing fuortset yn moetingssintrum ‘Loft’ yn Boksum, dêr’t ûnder it geniet fan in Italjaansk miel noch mear ferhalen ophelle waarden oer it avontoer om mei in groep in boek te skriuwen.
Op 'e foto: De groep fan Yn ‘e wyn yn Boksum, flnr: Hylke Tromp, Janna de Jong, Akky van der Veer, Gertrud Palstra, Wytske Visser, Tineke Lettinga, Piter Renia
Laatste update: