Lietteksten skriuwe – Jurjen van der Meer
Wat is der moaier as je eigen ferske hearre op cd, op ‘e radio of live spile yn in seal. Foardat it safier is moat sa’n ferske earst wol skreaun wurde fansels. It skriuwen fan in goede liettekst is in fak apart. Wat makket in tekst ta in geskikte liettekst? Hoe is sa’n tekst opboud en wêr moat in hit oan foldwaan? Wa soarget foar de muzyk, hoe krij ik it wurk op cd en hoe sit it mei de rjochten? Allegeare fragen dêr’t dizze kursus in antwurd op jout. Ha jo nocht oan skriuwen en hâlde jo fan muzyk, dan is dizze kursus miskien wat foar jo. Fan in goede liettekst is altyd ferlet. Hjir leare jo ien te skriuwen.
Jurjen van der Meer is in pear dagen yn de wike dwaande mei it skriuwen fan lietteksten. Dat docht er yn opdracht fan in grut ferskaat oan artysten en ynstânsjes. Hast alles wat er makket wurdt brûkt. Wat 25 jier lyn út ein sette as in aardichheidsje is útgroeid ta in stik brea op ’e planke. Alle dagen kin men wol ferskes fan him hearre op ‘e radio. ‘Knoopkes’, songen troch Piter Wilkens, is syn grutste hit. Jeugdpoëzij fan sines waard bondele yn Freedtemiddei frij (1996).
Werom
Lêste update: