|
![]() Provinsjale Skriuwdei Ferhaleskriuwe: dialooch, spanningsopbou, perspektyf – Jetske Bilker
Jetske Bilker hat trije boeken op har namme: in roman, in ferhalebondel en yn 2004 skreau se it boekewikegeskink: Oar plak oare tiid. Nei har stúdzjetiid literatuerwittenskip wurke se alve jier yn it middelber ûnderwiis as learaar Frysk en Nederlâns. Op it stuit is se dwaande mei in roman, mar ek set se geregeld wurk oer, lykas it earste diel fan de Harry Potterrige. Se siet yn de redaksje fan Trotwaer en letter fan it ynternettydkskrift Farsk, dêr’t se ferhalen redigearre, skriuwers oanstjoerde en kritiken skreau. Sûnt 2006 resensearret se Frysk proaza foar de Ljouwerter Krante.
Lêste update: |